Friesland in het rampjaar 1672 - It jier fan de miste kânsen

€ 10,00
Ophalen of Verzenden
Afhaalpunt voor € 4,95 of thuis voor € 5,95
Thuisbezorgd voor € 6,95
131sinds 22 apr. '25, 10:25
Deel via
of

Kenmerken

Jaar (oorspr.)1972

Beschrijving

Friesland in het rampjaar 1672 - It jier fan de miste kânsen
Hardcover
Ds. J.J. Kalma en Dr. K. de Vries.
Plaats van uitgave: Ljouwert
Uitgever: Fryske Akademy
Jaar van uitgave: 1972
Aantal pagina's: 255
Taal: Nederlands en Fries
ISBN: 9061714214

Omslag is licht verkleurd verder in nieuwstaat

Prijs: € 10,00 (vaste prijs)

Ophalen of verzenden


Foarwurd
Dit boek is op priemmen set troch it histoarysk wurkforbân fan de Fryske Akademy. Troch dat wurkforbân binne de measte anderwerpen fêststeld en de skriuwers útnoege.
It redigearjen fan "Friesland in het rampjaar 1672", dêr't njoggen auteurs oan meiwurke hawwe, foel net ta. In aparte swierrichheit levere de datearring op. Lykas bikend, hat Paus Gregorius XIlI yn 1582 de kalinder herfoarme, op sa'n foet, dat der yn dat jier tsien dagen oerslein binne. Mar yn it Noarden fan de Republyk, dus ek
yn Fryslân, hat de Juliaenske kalinder (de alde styl) him hanthavene ant 1701; doe pas is hjir de Gregoriaenske kalinder (de nije styl) ynfierd. Om bitizing foar to kommen hawwe wy de nije styl ek sa folle mooglik op it Fryslân fan 1672 tapast, d.w.s. dat alle data út de sawntjinde-ieuske boarnen tsien dagen opskoud binne: 1 jannewaris is 11 jannewaris wurden, ensafuorthinne.
Yn de boeken oer it "rampjier", dy't dit jier útkommen binne, wurdt net folle omtinken oan Fryslân jown; ús gewest lei destiids al oan in syddyk en it leit dat noch. Dochs naem Fryslän yn 1672 in aparte posysje yn; binammen de folksbiweging hat hjir oars west as yn Hollan.
Wy hawwe 1672 it "iler fan de miste kânsen" neamd. It hat wikkerdewik west of Fryslân wie der ûnderstrûpt, krektlyk as Gelderlân, Utert, Oerisel en Drinte. As de biskop fan Munster net al syn krûd op Grins forsketten hie .. . Miste kânsen foar de fijân, mar ek for Fryslân sels. Der kaem in folksbiweging, mar de demokrati-
searing roun op neat út. Hollan krige tominsten Willem Ill, Fryslân moast it dwaen mei Hindrik Casimir I, dy't syn hiele libben yn it skaed fan syn mem en fan syn greate neef stien hat. En de reginten bleauwen.
Dit boek is yn it foarste plak bidoeld as in bydrage ta de skiednis fan Fryslân. Mar wy hoopje, dat it ek fortuten dwaen sil far de regionalisearring fan de "vaderlandse geschiedenis", dêr't nei ús bitinken driuwend forlet fan is, yn de wittenskip èn yn it anderwiis. It bigryp "vaderlandse geschiedenis" biheint him net ta Hollân mar omfiemet hiele Nederlân, dus ek Fryslân.

Verzendkosten (indicatief)
Betaling met een betaalverzoek voor:
€ 4,95 DHL naar de dichtstbijzijnde Parcelshop
€ 6,95 PostNL naar uw huisadres

Of overmaken op de rekening voor:
€ 5,45 DHL naar de dichtstbijzijnde Parcelshop
€ 6,95 PostNL naar uw huisadres

Voor meer boeken, lp’s, cd’s, dvd’s en andere artikelen kijk ook eens bij mijn andere advertenties
(door regelmatige verhogingen van de tarieven bij DPD, DHL en PostNL, kunnen de verzendkosten in de advertentie afwijken. We hanteren altijd de meest recente verzendkosten)
Advertentienummer: m2260135354