Akkerman - Foar de lins.

€ 6,95
Ophalen
20sinds 23 mei. '25, 11:24
Deel via
of

Kenmerken

ConditieZo goed als nieuw
TypeNon-fictie
TaalFries

Beschrijving

Akkerman - Foar de lins.

De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn.

Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid.

Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins.

Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't tamtearre en gnjirde wurdt troch de maatskippij, dy't te lider slein wurdt troch libben en lot, dy't net mear past yn `it systeem, dy't der oer rekket. It binne boer en arbeider, winkelman en skipper dy't it paad romje moatte foar sanearing, ruilferkaveling, krotopromming, yndustrialisaasje en útwreidingsplannen.

Hy tekent dy minske op 'e drompel fan de âlde nei de nije tiid mei in skerp each foar it detail, mei in tûk ear foar it praat fan `gewoane minsken en mei in mylde, faken wat mankelike humor.

De skilder P.H. van Asperen út Ljouwert hat sfear en toan fan Akkerman syn ferhalen tige goed oanfield en treflik fêstlein yn syn tekeningen.

Ljouwert 1968, 143p., Softcover.

Friestalig.

Bieden vanaf € 6,95

Verzendkosten extra. Verzending via PostNL.

Geen betaalverzoeken via MP ! A.u.b. zelf even overmaken.

Dit is een particuliere verkoop.

Kijkt u ook eens bij mijn andere advertenties !

Nb: Verzending voor risico van de koper.

Voor kostbare en zeldzame stukken raad ik aangetekende verzending aan.
Advertentienummer: m2271081495