Prekadastrale en Kadastrale Atlas Fryslân Frjentserteradiel

110sinds 29 jul. '25, 09:24
€ 7,50
Ophalen of Verzenden
Afhaalpunt voor € 4,95 of thuis voor € 5,95
Thuisbezorgd via PostNL voor € 6,95
Deel via
of

Kenmerken

ConditieZo goed als nieuw
Jaar (oorspr.)1990

Beschrijving

Yn 1990 ferskynde it tredde diel fan de Kadastrale en Prekadastrale atlas fan Fryslân mei kaarten en beskriuwings fan Frjentsjerteradiel en Frjentsjer.
De atlas bestiet ut twa underdielen:
1. KADASTRALE ATLAS FAN FRYSLAN 1832
de earste kadasterkaarten anno 1832, ferlytse op A-3 formaat: yn it
atlasdiel 54 kaarten, losblèdich;
it register fan alle kadastrale perselen, mei gegevens oer eigners,
grutte, soart fan gebrûk en kwaliteit, ûntliend oan de saneamde
Oorspronkelijke Aanwijzende Tafels anno 1832;
in ynlieding op dat materiaal. Register en ynlieding binne bondele yn in boek fan goed 160 siden.

2. PREKADASTRALE ATLAS FAN FRYSLAN 1640-1700
Yn dizze 'Pleatse-atlas' is fan it grûnbesit yn 1640 en 1700 yn Barra-
diel en Harns bûten de wallen in rekonstruksje makke oan de hân
fan Stim- en Floreenkohieren. De atlas bestiet út:
- kaarten mei dêrop foar elk doarpsgebied oanjûn it grûnbesit de
pleats yn 1640/1700;
register neffens doarp mei for elke pleats oanjûn eigners, brûkers en oare bysûnderheden yn 1640 en 1700 en foar it jier 1858 grutte en kadastrale perseelnûmers;
in ynlieding op dat materiaal, mei de twa foargeande ûnderdielen
bondele yn in boek fan goed 160 siden.

Doel fan 'e útiefte
Mei dit útjefteprojekt hat de Fryske Akademy twa doelen op't
each:
- de earste kadastrale registraasje anno 1832, dy't in rike boarne is
for histoaryske studzjes, troch middel fan in boarnepublikaasje
for elkenien tagonklik te meitsjen;
it historysk ûndersyk oangeande it tiidrek Midsieuwen-18e ieu
skewiele mei in rekonstruksje op kaart fan it grûnbesit fan pleatsen
út de tiid foar it kadaster.
By it publisearjen fan de atlasdielen wurdt utgien fan de yndieling fan
Fryslan yn grietenijen en stéden, sa't dy yn 'e njoggentjinde ieu wie. It stribjen is it projekt yn tsien jier klear te krijen.

Wat kinne Jo mei de atlas?
Wa't de skiednis fan syn wenplak neigean wol komt gaurs for fragen
te stean as: Fan wa wie eartids dy pleats, dat hûs of dat stik lân? Hoe-
folle lân hie ús famylje, wêr hawwe hja wenne, hoe waard de grûn ear-
tiids brukt? Wêr stiene earder mûnen of wêr wie de helling? Fragen,
dy't mei help fan it kadaster en as it om boerepleatsen giet mei help
fan de Floreenkohieren út de achttjinde ieu en de Stimkohieren út de
santjinde ieu beantwurde wurde kinne. Dy boarnen wurde lykwols
mar in lyts bytsje brûkt foar sokke stüdzjes, mei't men it te dreech fynt
of net wit wêr't in en oar te finen is. Dizze atlas biedt in soad fan dy
gegevens no oan yn hânsume form. Mei dizze atlas krije Jo unyk ma-
teriaal út de argiven thus en in helpmiddel yn hannen om sels fierder
ûndersyk te dwaan.

Prijs € 7,50 vaste prijs

Verzendkosten (indicatief)
Betaling met een betaalverzoek voor:
€ 4,95 DHL naar de dichtstbijzijnde Parcelshop
€ 6,95 PostNL naar uw huisadres

Of overmaken op de rekening voor:
€ 5.45 DHL naar de dichtstbijzijnde Parcelshop
€ 6,95 PostNL naar uw huisadres

Voor meer boeken, lp’s, cd’s, dvd’s en andere artikelen kijk ook eens bij mijn andere advertenties
(door regelmatige verhogingen van de tarieven bij DPD en PostNL, kunnen de verzendkosten in de advertentie afwijken. We hanteren altijd de meest recente verzendkosten)
Advertentienummer: m2293850554